Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke fan Newtown

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke fan Newtown

Reformed Church of Newtown

Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat New York
stêd New York
stedsdiel (borough) Queens
koördinaten 40° 44' N 73° 52' W
Arsjitektuer
boujier 1831
Webside
newtownchurch.org
Kaart
Herfoarme tsjerke fan Newtown (New York)
Herfoarme tsjerke fan Newtown

De Herfoarme tsjerke fan Newtown (Ingelsk: Reformed Church of Newtown) is in herfoarme tsjerke yn it distrikt Elmhurst fan de borough Queens, New York City. De gemeente waard yn 1731 stifte troch Nederlânske emigranten. Oarspronklik waard it distrikt as in útbuorren fan Nij Amsterdam yn 1652 as "Middenburgh" stifte. Nei't de Ingelsen it bestjoer fan 'e Nederlânske koloanje Nij-Nederlân yn 1664 oernaam, krige it doarp de Ingelske namme New Town, letter ferienfâldige ta Newtown. Doe't de namme Newtown tsjin it ein fan 'e jierren 1890 feroare yn Elmhurst bleau de tsjerke (lykas ek de hegeskoallen en it metrostasjon) de âlde namme Newtown hâlden.

De Herfoarme Tsjerke yn Amearika (Reformed Church in America) is de âldste protestantske denominaasje fan 'e Feriene Steaten. De yn 1735 foltôge tsjerke oerlibbe de striid yn 'e Amearikaanske Revolúsje, doe't de Britten de tsjerke brûkten foar wapenopslach. Yn 1832 waard de tsjerke ferfongen troch it hjoeddeiske gebou, mar de hoekstien fan it oarspronklike bouwurk bleau bewarre oan de basis fan 'e hjoeddeiske tsjerke. De tsjerke en de oangrinzgjende felloswhip-hall is, as ien fan de seldsume noch besteande houten tsjerken fan New York, in beskerme monumint.

Oarspronklik wie de fiertaal Nederlânsk, mar dy waard ferfongen troch it Ingelsk. Yn 1956 besocht presidint Dwight D. Eisenhower yn it ramt fan it 225-jierrich jubileum de tsjerke.

It tsjerkekompleks waard yn 1980 tafoege oan it National Register of Historic Places.

Yn 'e jierren 1980 waard Elmhurst troch migranten út oare dielen fan 'e wrâld jimmeroan multikultureler. Tsjintwurdich wurde der njonken Ingelsk ek tsjinsten yn Taiwaneesk en Tamil fierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Reformed Church of Newtown