Springe nei ynhâld

Herat

Ut Wikipedy
Herat
Bestjoer
Lân Afganistan
Sifers
Ynwennertal 354.892 (2010)
Hichte 925 m
Oar
Tiidsône Afghanistan Standard Time (UTC+4:30)
Koördinaten
Lizzing Herat yn Afganistan

Herāt is de haadstêd fan de provinsje Herat yn Afganistan. It is de treds grutste stêd fan Afganistan mei in befolking fan sa'n 397,456 yn 2006. It plat leit yn de delling fan de rivier de Hari, dy't fan de bergen yn sintraal Afganistan nei de Karakumwoastyn yn Turkmenistan rint. Hearat is ferbûn mei Kandahar, Mazar-i Sharif en Kabûl fia it sirkulêre dikesysteem fan it lân.

Herāt leit yn in fruchtber gebiet, is al sa'n 2700 jier âld en fanâlds bekend om syn wyn. De stêd hat in soad histoaryske gebouwen, dy't lykwols te lijen hân hawwe fan de ferskate militêre konflikten fan de lêste tsientallen jierren. Yn de rin fan de Midsiuwen waard Herāt ien fan de belangrike stêden fan Khorasan; it wie bekend as de Pearel fan Khorasan.

Herāt leit oan de âlde hannelsrûtes fan it Heine Easten, Sintraal en Súd-Aazje. De wegen fan Herat nei Iran, Turkmenistan en oare parten fan it lân binne ek no noch fan strategysk belang. De stêd is de poarte nei Iran, dêr't in soad oan ynfierrjochten foar Afganistan bard wurdt. De Perzysk sprekkende Tajiks is de grutste befolkingsgroep yn de stêd en binne suver itselde folk as de Perzen fan East-Iran.[1]

It ûntstean fan de stêd giet wierskynlik werom op de stêd Artacoana of Aria, dy't al 1000 jier f.Kr. bestie en ien fan de earste stêden fan de Ariërs wie.[2]

Yn 330 f.Kr. waard it plak ynnaam troch Aleksander de Grutte dy't dêr in sitadel boude en de hjoeddeiske stêd stifte, dy't yn 't earstoan syn namme krige: Alexandria Ariana.[3] Yn de 7e iuw waard de stêd troch Arabyske moslims ferôvere, dy't ek de islam ynbrochten.

Yn 1038 wurdt Herat troch de Seltsjoeken ferovere. De oermastering fan de Mongoalske kriichshear Djengis Khan yn 1221 soene benei alle ynwenners by omkaam wêze.


De Turkske feroverer Timoer Lenk ferwoastge Herat yn 1381, mar syn soan Shahrukh boude de stêd op ’en nij en makke har ta de bloeiende haadstêd fan it Timoeridenryk, dat foaral Perzje omfieme. Utsein in skoft ûnder de Oezbeken fan 1507 ôf, bleau de stêd oant 1747 Perzysk. Letter hawwe de Perzen en Afganen fjochte om de hearskippij oer de stêd en hawwe dêr om de beurt oan it bewâld west; dat feroare doe’t de Ingelsken har dêrmei bemuoien en de stêd yn 1857 foar altyd part fan Afganistan waard.[4]

Maart 1979 wie Herat it toaniel fan in opstân, laat troch Ismail Khan, tsjin it rezjym fan Nur Muhammad Taraki. It Sovjetleger sloech de rebûlje lykwols del, wat goed 24.000 boargerdeaden fan gefolgen hie. It wie de oanset foar de Sovjetynfaazje yn Afganistan letter yn it jier[5]. Ismail Khan waard yn 1992 gûverneur fan Herat nei’t de Russen har weromlutsen hiene. Hy keas gjin partij yn de boargerkriich dy’t meast yn Kabûl hearske. Doe’t Khan ûnder druk fan it sintraal Afgaanske regear yn 2004 it gûverneurskip oerjaan moast, late dat ta rebûlje yn Herat.

De foarneamste moskee fan Herat is de Masjid-i Jami of Freedmoskee dy't it âlde part fan de stêd dominearret. Fjouwer blauwe minaretten fersiere de wyt-mei-blauwe moskee, dy't fan 1200 is, mar sûnt mear as ien kear ferwostge, op 'en nij boud en restaurearre waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. H. F. Schurmann, The Mongols of Afghanistan: an Ethnography of the Moghols and Related Peoples of Afghanistan. The Hague: Mouton, 1962: Jstor.org; p. 75: "... the Tajiks of Western Afghanistan [are] roughly the same as the Khûrâsânî Persians on the other side of the line ..."
  2. Encyclopedia Iranica, HERAT, ii.HISTORY, PRE-ISLAMIC PERIOD (sjoen 6 april 2009)
  3. Alexander the Great: his towns
  4. Encyclopedia Britannica, Herat (opgehaald op 6 april 2009)
  5. Thomas H. Johnson 2004: Ismail Khan, Herat, and Iranian Influence. Strategic Insights, Volume III, Issue 7.