Henry Burton
Appearance
Henry Burton (Yorkshire, 1578 – 1648), wie in Ingelske puriteinsk predikant. Tagelyk mei John Bastwick en William Prynne, waarden syn earen yn 1637 ôfsnijd fanwegen it skriuwen fan pamfletten tsjin aartsbisskop Laud.
Syn jonge jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard berne yn Birdsall, in lyts doarpke yn East-Yorkshire yn it neijier fan 1578, sa't men dit fan syn skriuwen ôfliede kin. Syn heit William Burton wie boaske oan Maryanne Homle/Humble op 24 juny 1577. Hy waard oplaat oan it St. John´s College yn Cambridge, dêr´t er yn 1602 ôfstudeare. Syn favorite foargongers wienen Laurence Chaderton en William Perkins. Doe´t er universiteit ferliet, waard er fâd oer twa soannen fan Robert Carey.