Henry Burton

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Henry Burton.

Henry Burton (Yorkshire, 15781648), wie in Ingelske puriteinsk predikant. Tagelyk mei John Bastwick en William Prynne, waarden syn earen yn 1637 ôfsnijd fanwegen it skriuwen fan pamfletten tsjin aartsbisskop Laud.

Syn jonge jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard berne yn Birdsall, in lyts doarpke yn East-Yorkshire yn it neijier fan 1578, sa't men dit fan syn skriuwen ôfliede kin. Syn heit William Burton wie boaske oan Maryanne Homle/Humble op 24 juny 1577. Hy waard oplaat oan it St. John´s College yn Cambridge, dêr´t er yn 1602 ôfstudeare. Syn favorite foargongers wienen Laurence Chaderton en William Perkins. Doe´t er universiteit ferliet, waard er fâd oer twa soannen fan Robert Carey.