Springe nei ynhâld

Henri Fabre

Ut Wikipedy
Henri Fabre
Fabre yn 1911
Fabre yn 1911
persoanlike bysûnderheden
echte namme Henri Marie Léonce Fabre
nasjonaliteit flagge fan Frankryk Frânsk
berne 29 novimber 1882
berteplak Marseille
stoarn 29 juny 1984 (101 jier)
stjerplak Le Touvet
wurkpaad
berop/amt Yngenieur, fleantúchmakker
aktyf as Piloat, loftfeartpionier
bekendste
  wurk(en)
Le Canard
Henri Fabre syn wetterfleantúch Le Canard, 28 maaart 1910

Henri Marie Léonce Fabre (Marseille, 29 novimber 1882Le Touvet, 29 juny 1984) wie in Fransk yngenieur en loftfeartpionier. Yn 1910 boude er Le Canard, it earste wetterfleantúch dat mei súkses op wetter lâne.

Komôf en stúdzjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fabre werd geboren in een rijke redersfamylje uit Marseille. Hy krige middelber ûnderwiis oan it pleatslike jezuïetenkolleezjee en studearre dêrnei wittenskippen oan de universiteit fan Marseille. Nei't er yn Marseille ôfstudearre wie, helle Fabre noch it yngenieursdiploma oan de École Supérieure d'Électricité (Supéléc) yn Parys.

Wetterfleantúch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fabre, dy't mâl fan fleantugen wie, bestudearre de ûntwerpen fan Louis Blériot en Gabriel Voisin en dreamde fan it ûntwikkeljen fan in wetterfleantúch. Syn heit joech him 100.000 Frânske frank ta foldwaan en Fabre spandearre goed fjouwer jier oan it ûntwerpen, testen en de realisaasje fan in wetterfleantúch mei trije driuwers. It tastel fan it type canard krige de tapaslike namme Le Canard ('De Ein').

Op 28 maart 1910 stiigde Fabre, dy't noch nea flein hie, op foar in manmachtich publyk oan it Étang de Berre ûnder Martigues. Hy waard assistearre troch Louis Paulhan dy't ek meiholpen hie by de ûntwikkeling fan it tastel. Nei in flecht fan benei 600 meter boppe de mar lâne Le Canard op it wetter en wie sadwaande it alderearste wetterfleantúch fan de wrâld dat dat mei súkses die. Deselde deis makke it fleantúch noch fjouwer flechten. Fabre boude noch in stikmannich tastellen fan itselde ûntwerp dy't dêrnei as basis brûkt waarden troch Glenn Curtiss en Gabriel Voisin foar harren eigen wetterfleanmasines.

De ûndernimmende Fabre begûn yn de Earste Wrâldkriich in fleantúchfabryk mei sa'n 200 arbeiders dat allinne wetterfleantugen makke. Nei dy oarloch sette er al in punt efter de fleantúchbou en waard er yngenieur-saakfierder fan in masinefabryk dat allerhanne sektoaren út de yndustry masines levere. Letter ûntwurp er noch in bateau-clac, in optearbere boat. Yn 1927 waard Fabre lid fan de Académie de Marseille.

Yn 1980 ferskynde syn autobiografy J'ai vu naître l'aviation. Hy stoar yn 1984 yn de âldens fan 101 jier.

Op 30 maart 2010 joech it Frânske postbedriuw La Poste, een betinkingspostsegel út by gelegenheid fan de hûndertste jierdei fan de earste flecht fan Le Canard.

  • Les 3 hydravions d'Henri Fabre, 1979

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]