Henri Deutsch de la Meurthe
Appearance
Henri Deutsch de la Meurthe (Parys, 25 septimber 1846 - Ecquevilly, Departemint Yvelines, 24 novimber 1919), echte namme Henri Deutsch, wie in Frânsk yndustrieel.
Henri Deutsch de la Meurthe wie ûndernimmer yn de oaljeyndustry. Hy wie ien fan de stichters fan de Automobile Club de France. Hy wie in leafhawwer fan loftskippen en motorisearre fleanmasines. Teffens wie er komponist fan ûnder oare de opera Icare (1911). Hy wie de stifter fan de Deutsch prizen en de Grand Prix d'Aviation .
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Henry Deutsch de la Meurthe fan Wikimedia Commons. |