Hektor Livius fan Haersma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hektor Livius fan Haersma fan Vierssen (Ljouwert, 21 maaie 1790 - Aldegea (Smellingerlân)?, 1839) wie in grytman fan Smellingerlân. It is de soan fan mr. Martinus fan Vierssen en Johanna Maria fan Haersma. Syn mem is in dochter fan Hektor Livius fan Haersma, ek grytman fan Smellingerlân, en Katarina fan Scheltinga, wenjend op Great Haersmastate. Mei syn ferstjerren yn 1839 stoar de famyljeline fan de Haersma's út.

Yn 1997 by it fyftichjierrich bestean fan de toanielferiening “Op ‘e nij bigûn” waard dêr in iepenloftspul opfierd oer dizze Livius fan Haersma. Yn 2007 folge in iepenloftspul oer syn soan of pakesizzer Hektor.