Heinkenszand
| Heinkenszand | ||
| Sint-Blasiustsjerke. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | Borsele | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 5.685 (2026)[1] | |
| Oerflak | 12,07 km², wêrfan wetter: 0,12 km² | |
| Befolkingsticht. | 475,7 ynw./km² | |
| Hichte | 0 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 4451 | |
| Netnûmer | 0113 | |
| Offisjele webside | ||
| heinkenszand.info | ||
| Kaart | ||
Heinkenszand is in doarp yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. Heinkenszand is it bestjoerlik sintrum fan 'e gemeente Borsele. It doarp is mei 5.685 ynwenners (2026) de grutste kearn fan 'e gemeente.
Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heinkenszand ûntstie yn 'e 14e iuw troch it ynpolderjen fan in sânplaat, neamd nei in sekere 'Heinken'. It gebiet lei earst as in eilân tusken Súd-Bevelân en Walcheren. Troch de oanlis fan ferbiningsdammen tusken 1414 en 1420 waard it doarp mei it fêstelân ferbûn. Foar 1600 bestie Heinkenszand al út 18 polders.
Kastielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De famylje Van Schenge wie in wichtige eigner en stifte it slot Barbestein. In oar slot, Watervliet, waard om 1588 hinne boud troch de famylje Brouwer, mar yn 1793 ôfbrutsen. De befolking groeide flink; yn 1694 telde it doarp al sa'n 800 ynwenners en 162 huzen, benammen konsintrearre om de hjoeddeiske Doarpsstrjitte.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De orizjinele Marijetsjerke gie by de Reformaasje oer nei de kalvinisten, mar in part fan 'e bewenners bleau trou oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Hja kochten yn 1805 it ferfallen slot Barbestein, dat omboud waard ta in nije katolike tsjerke. Letter bouden de katoliken in nije neogoatyske tsjerke njonken Barbestein, dy't tenei as pastorije brûkt waard oant de bou fan in nije pastorije yn 1905. It âlde Barbestein waard doe ôfbrutsen. By dy Blasiustsjerke waard letter in Lourdesgrot oanlein.
Resinte ûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 20e iuw wreide it doarp him sterk út mei nije wiken lykas Oosterguite, Watervliet en Over de Dijk. De oanlis fan in rekreaasjegebiet yn 1969 soarge foar toerisme. Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1970 makket Heinkenszand diel út fan 'e gemeente Borsele, wêrfan it doarp it bestjoerlik sintrum is.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De roomsk-katolike Sint-Blasius-tsjerke yn Heinkenszand is boud yn neogoatyske styl. De tsjerke stamt út 1866 en is wijd oan 'e hillige Blasius. Sûnt 2007 draait de grutte stellingmûne "De Vijf Gebroeders" yn it doarp wer regelmjittich.
It Lângoed Landlust leit foar in part op de grûn fan it slot Watervliet. It park is foar besikers iepensteld en biedt in moai stikje natuer midden yn it doarp.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Plakken yn 'e gemeente Borsele | ||
|---|---|---|
| Doarpen:
Baarland • Borssele • Driewegen • Ellewoutsdijk • 's-Gravenpolder • 's-Heer Abtskerke • 's-Heerenhoek • 's-Heer Hendrikskinderen (foar in part) • Heinkenszand • Hoedekenskerke • Kwadendamme • Lewedorp • Nieuwdorp • Nisse • Oudelande • Ovezande | ||
| Buorskippen:
Baarsdorp • Bakendorp • Coudorpe • Graszode • Knaphof • Koekoek • Langeweegje • Het Oudeland • Rijkebuurt • Scheldeoord • Sinoutskerke • 't Vlaandertje • De Zak | ||
