Hector Malot

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hector Malot
Malot syn grêf yn Fontenay-sous-Bois

Hector-Henri Malot (La Bouille by Rouen, 20 maaie 1830Fontenay-sous-Bois, 17 july 1907) wie in Frânske skriuwer. Hy studearre rjochten yn Rouen en Parys, mar literatuer hie er mear niget oan. Hy wie literatuerkritikus foar L'Opinion Nationale en teaterkritikus foar Lloyd Français. 'Allinne op de wrâld' is fierút syn ferneamdste boek.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Malot syn heit wie notaris, in stûve widner dy't mei de widdo fan in haadman fan it frjemdlingelegioen ûnder de lapen lei.

Mem lies de bern ferhalen oer reizen fan fierrens foar. Dy ferhalen wienen meast grûnfêste op it libben fan har earste man. Sadwaande krige Hector niget oan ferhalen. Doe't Hector âlder waard ferdjippe er him yn de literatuer, hoewol't syn heit leaver hân hie dat er rjochten studearje hie.

De jonge Malot studearre oan it Lycée Corneille yn Rouen, tsien jier neidat Gustave Flaubert dêr studearre. Malot wie in freon fan Jules Levallois, dy't letter amtner yn Sainte-Beuve en literatuerkritikus wurde soe. Op skoalle pykte er der út mei hege sifers.

Yn 1853 ferfarre er nei Parys, dêr't er fergees besocht om syn earste stik te ferkeapjen. Om troch de tiid te kommen skreau er stikjes foar kranten en tydskriften. Lang om let gie er werom nei hûs en dêr skreau er syn earste trilogy Les Victimes d'amour. It earste diel ferskynde yn 1859.

Yn 1864 lier er úteinsette mei de bou fan in bûtenpleats yn Fontenay-sous-Bois, dêr't er oant syn dea ta wenjen bliuwe soe. Hy gie lykwols faak nei Parys om dêr te kuierjen. Yn 1867 troude er mei Anna Dariès. Dochter Lucie waard it jier dêrnei berne.

Yn 1880 stoar syn frou en 1881 boaske Hector Malot oan de 31-jeirrige Marthe Oudinot de la Faverie.

Yn 1893, in jier it ferskinen fan "En famille", waard pakesizzer Perrine berne (sy krige deselde namme as de haadpersoan fan syn romans).

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn earste boek Les Amants waard 1859 útbrocht. Totaal hat er goed 70 boeken skreaun, ek in tal berneboeken, dêr't Alleen op de wereld (1878) wierskynlik it meast ferneamde fan is. It boek ferhellet fan it weesbern Rémi dat acht jier âld ferkocht wurdt oan de âlde strjitmuzikant Vitalis.

In 1895 kondigde Malot aan te stoppen met het schrijven van fictie, mar yn 1896 skreau er L'Amour Dominateur en Le Roman de mes Romans, in boek oer syn literêre libben.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Victimes d'Amour (trilogy)
  • Les Amours de Jacques (1860)
  • Un beau-frère (1869)
  • Une belle-mère (1869)
  • Romain Kalbris (1869),
  • Une Bonne affaire (1870)
  • Mme Obernin (1870)
  • Sans Famille ('Alinne op de wrâld'), 1878)
  • En famille (1893)
  • L'amour Dominateur (1896)
  • Le Roman de mes Romans (1896)
  • Pages choisies (1898)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]