Harrie Langman
Mr. Drs. Hargert (Harrie) Langman (Akkrum (gem. Utingeradiel , 23 febrewaris 1931 - Drachten, 1 augustus 2016) wie in Nederlânsk politikus. Langman wie ek skipsbouwer en heechlearaar,
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Langman wie in soan fan in ûnderwizer. Hy gie nei it gymnasium yn Hurderwyk en studearre dêrnei rjochten oan de Frije Universiteit Amsterdam, slagge cum laude, en studearre dêrnei noch ekonomy. Nei syn stúdzje waard er direksjesekretaris by supermerk Simon de Wit. Fan 1955 oant 1967 wurke er by skipsbouwer De Schelde, yn 't lêstoan as ûnderdirekteur. Njonken dat wie er bûtengewoan heechlearaar bedriuwshúshâldkunde oan de Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle yn Rotterdam.
Yn 1971 waard er foar de VVD minister yn it kabinet-Biesheuvel I. Hy waard doe pas lid fan dy partij en wie in 'fremdling' yn Den Haach. Hy liet him wol jilde as in bekwame bewâldsman, dy’t benammen ympulsen joech oan it regionale-ekonomyske belied. Under syn ministerskip die Nederlân mei oan it kontroversjele Kalkarprojekt. Langman wie nei syn ôftreden in soad jierren bankier, dy’t tsientallen kommissariaten yn it bedriuwslibben ferfolde. Teffens wie hy lange tiid foarsitter fan it kuratoarium fan de Teldersstifting.
Yn 1996 waard troch it kabinet in kommissy fan saakkundigen ynsteld, mei Langman as foarsitter, dy't ûndersykje moast wat no de feitlike ekonomyske efterstân fan it Noarden wie. Dat late letter ta de miljardenstipe foar it Noarden, de saneamde Langman gelden
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frysk bankier
- Frysk ûndernimmer
- Frysk ekonoom
- Frysk heechlearaar
- Frysk politikus
- Frysk liberaal
- Nederlânsk bankier
- Nederlânsk ûndernimmer
- Nederlânsk ekonoom
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk politikus
- VVD-politikus
- Nederlânsk minister fan Ekonomyske Saken
- Nederlânsk liberaal
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Akkrum
- Persoan stoarn yn Drachten
- Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Persoan berne yn 1931
- Persoan stoarn yn 2016