Hans Hysing
Hans Huyssing of Hans Hysing (Stokholm, 1678 - 1752 of 1753)[1] wie in portretskilder fan Sweedsk komôf, dy't yn 1700 nei Ingelân ferfoer om assistint fan syn lânsgenoat Michael Dahl, in portret-skilder, te wurden; hy wenne jierrenlang by him yn.[2]
Nei de dea fan Dahl naam Husing syn praktyk én syn styl oer. Hy waard stipe en beskerme troch de famylje fan kening George II, en skildere de keninginne, de trije prinsessen en George III as jonkje.
In protte fan syn portretten, sa as dy fan Sir Robert Walpole, parlemintsfoarsitter Arthur Onslow, Dr. John Theophilus Desaguliers en James Gibbs (arsjitekt), waard in gravuere fan makke troch John Faber (1695-1756), mar ek troch oaren. George Vertue beskriuwt portretten fan him fan de Frânske grafikus Joseph Goupy as 'moai dien, yn de styl fan Mr. Dahl yn it lêstoan.'
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Luitenant-generaal Richard Onslow
-
William Byrd II
-
Mrs Henry Hoare
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|