Springe nei ynhâld

Hans Boskamp

Ut Wikipedy
Hans Boskamp
Boskamp yn 1970
Boskamp yn 1970
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohan Hendricus Gerardus Hoelscher
nasjonaliteit Nederlânsk
berne7 maaie 1932
berteplakRotterdam
stoarn22 maart 2011
stjerplakDoardt
wurkpaad
berop/amtfuotballer,
akteur
jierren aktyf1949 - 1962, fuotballer
1954 - 2006, akteur

Hans Boskamp, feitlik Johan Hendricus Gerardus Hoelscher (Rotterdam, 7 maaie 1932Doardt, 22 maart 2011), wie in Nederlânsk fuotballer en akteur. Teffens wie er sjonger, produsint fan musikals en toanielstikken en manager fan artysten. Hy wie in soan fan de akteur Johan Boskamp.

Boskamp hat fjouwer kear troud west. Syn earste frou wie in dochter fan kabaretier Harry Boda, syn tredde wie de aktrise Hannah de Leeuwe. Hy hie trije bern: twa út it earste houlik en ien út it twadde. Ek hat er in ferhâlding hân mei de aktrises Hetty Verhoogt en Marijke Boonstra.