Hannes Weiss
Hannes Weiss | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1928 | |
stoarn | 19 juny 2011 | |
etnisiteit | Roma | |
wurkpaad | ||
aktyf as | foaroanman fan 'e Sinty yn Nederlân | |
jierren aktyf | ±1965 – 2011 | |
reden bekendheid |
lieder fan 'e beafearten foar Sinty en wenweinbewenners |
Hannes Weiss (1928 – 19 juny 2011) wie in Nederlânsk Roma-lieder, dy't benammen fan 'e sechtiger jierren fan 'e tweintichste iuw ôf fan grutte betsjutting wie foar syn folk.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Weiss waard yn 1928 berne yn in wenweinkamp fan 'e Sinty, in subgroep fan 'e Roma, yn 'e provinsje Noard-Brabân. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch ferlear er 21 famyljeleden oan 'e Porajmos, de genoside fan 'e nazys op 'e Roma, mar ûntkaam dêr sels oan troch ûnder te dûken. Fan syn iere middeljierren yn 'e jierren sechtich ôf ûntjoech er him ta ien fan 'e wichtichste lieders fan syn folk yn Nederlân. Sa late er in grut tal beafearten fan 'e Sinty (dat fromme roomsen binne) nei it bûtenlân.
Yn 1982 slagge it him om yn 'e mande mei Sinty-lieder Dirk Wagner en de marianityske pater Jan van der Zandt de earste binnenlânske beafeart foar sawol Sinty as (etnysk Nederlânske) wenweinbewenners te organisearjen, te witten nei de Kapel in 't Zand yn Roermûn. Sûnt 1982 fynt dit barren op jierlikse basis en mei meiwurking fan 'e Roermûnske befolking elts jier plak. Hichtepunt fan dizze beafeart is de prosesje mei in Marijebyld út 'e kapel, itselde dat noch yn 1982 út eangst foar dieverij foar de Roma op in sideplak brocht waard.
Hast tritich jier lang wie Hannes Weiss organisator en lieder fan dizze pylgertocht. As útfloeisel dêrfan hied er gedoente mei premier Dries van Agt en mette er sawol keninginne Beatrix as paus Jehannes Paulus II. Hy ferstoar yn 'e âlderdom fan 83 jier yn 2011. Syn dochter Lalla Weiss is ek in foaroansteand Sinty-lieder en de ûnoffisjele wurdfierster fan 'e Roma-mienskip yn Nederlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|