Springe nei ynhâld

Healwei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Halfweg (Skylge))
Burgemeester van Heusdenweg, Healwei

Healwei (offisjeel Halfweg) is in buorskip east fan it doarp West-Skylge op it Waadeilân Skylge. Formeel falt de buorskip ûnder West-Skylge. De buorskip bestiet út in lyts tal ferspraat oan de haadwei fan Skylge lizzende pleatsen en wenhuzen. De measte pleatsen binne ferboud ta appartemintekompleks. Ta Healwei hearre ek in pear kempings en karavanterreinen. Der is in hotel (Bornholm), in pizzeria en in midgetgolf-baan.

Benoarden Healwei lei earder it doarpke Stattum. Dat is lykwols ferdwûn troch oerstowing mei dúnsân. East fan Healwei lei it ferdwûne doarpke Skittrum.

It natuerteater De Nollekes is fan Steatsboskbehear.