Springe nei ynhâld

Hala Sultan Tekke-moskee

Ut Wikipedy
Hala Sultan Tekke-moskeeΤεκές Χαλά Σουλτάνας
lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
distrikt Larnaka
koördinaten 34°53 N, 33°36 'E
arsjitektuer
boujier 1760-1816
oantal minaretten 1
oars
bysûnderheden grêf muoike fan Mohammed
Kaart
Hala Sultan Tekke-moskee (Syprus)
Hala Sultan Tekke-moskee

De Hala Sultan Tekke-moskee (Gryksk: Τεκές Χαλά Σουλτάνας, Tekés Chalá Soultánas; Turksk: Hala Sultan Tekkesi, ek Umm Haram-moskee) is in yn 1816 boude moskee oan 'e sâltsee by Larnaka op Syprus. De moskee leit likernôch 5 km súdwestlik fan Larnaka yn it distrikt mei deselde namme. De moskee is ien fan 'e wichtichste islamityske hillichdommen en it belangrykste islamityske hillichdom op Syprus.[1]

Tombe fan Hala Sultan.

Doe't de Arabieren yn 649 Syprus feroveren op 'e Byzantinen, wie ek Hala Sultan dêrby, de muoike fan 'e profeet Mohammed fan syn heite kant. Doe't hja op it plak fan 'e moskee fan har ezel foel en ferstoar, waard se dêre begroeven en har grêf waard in beafeartsplak. Yn 1760 sette sjeik Hassan mei de bou fan in moskee útein, dy't yn 1816 foltôge waard. It grêf fan Hala Sultan leit yn in nevenromte fan it gebou. Letter waarden noch romten foar pylgers byboud. Ek leit dêr it grêf fan 'e Turkske frou fan Hoessein bin Ali, kening fan it Hasjemityske keninkryk Hidjaz, dy't troch de Ingelsen nei Syprus ferballe waard.

It wurdt tekke wurdt brûkt foar derwisjkleasters. De moskee kin besocht wurde en is eigendom fan it Ministearje fan Aldheden, dy't de moskee goed ûnderhâldt.

It plak is ek in belangrike lokaasje foar fynsten út 'e brûnstiid. De earste opgravings waarden yn 1897-1898 yn opdracht fan it Britsk Museum útfierd. Yn 1948 waard ûndersyk dien troch de Syprioatyske Tsjinst fan 'e Aldheid. Argeolooch Vassos Karageorghis wurke dêr yn 1968 en 1974. De Sweedske Syprus-ekspedysje ûnder lieding fan Paul Åström wurke dêr sûnt 1971. Tichteby de moskee leit in stêd út de brûnstiid, it hjoeddeiske Dromolaksia. Dy stêd waard nei alle gedachten om 1600 f.Kr. boud en wie yn 'e earste helte fan 'e 12e iuw mei in oerflak fan 2,5 ha op syn grutst. Lykas by it oanbuorjende Enkomi hie de stêd in regelmjittige plattegrûn mei in rjochthoekich strjitpatroan. Yn 'e stêd waarden û.o. wurkpleatsen fan kopersmidden útgroeven en binne jitfoarmen foar sichten, in stiennen ambyld en balgepipen fûn. Ek wie dêr in ivoarfiker en binne der pronkgrêven bleatlein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: