Springe nei ynhâld

Hagedoarnen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hagetoarn)
hagedoarnen
De ienstilige hagedoarn (Crataegus monogyna).
De ienstilige hagedoarn (Crataegus monogyna).
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): twasiedblêdigen
(sûnder rang): rosiden
(sûnder rang): fabiden
skift: roaseftigen (Rosales)
famylje: roazen (Rosaceae)
ûnderfamylje: prommen (Amygdaloideae)
tûke: apels (Maleae)
ûndertûke: hagedoarnen (Crataeginae)
skaai: hagedoarnen (Crataegus)
Tournefort ex Linnaeus, 1753

De hagedoarnen (Crataegus) binne in skaai fan strûken út famylje fan 'e roazen (Rosaceae) en it skift fan 'e roaseftigen (Rosales), dy't fan natuere yn Europa, Noard-Amearika, Aazje en Noard-Afrika foarkomme. Guon soarten komme ek as beam foar.

De hagedoarn waard troch de toarnen op de tûken in soad brûkt yn hagen. Alde hagen trochsniene hiel Ingelân, parten fan Skandinaavje en Frankryk en bepaalden foar in grut part de lânskipsfoarm. It hout is hurd en fyn fan struktuer en tsjinne wol foar houtfykwurk.

Fan it skaai hagedoarnen, ek hagedoarn, hagebeam, hagebeibeam, hagedoarnen beamke, hagetoarn of smoarbeibeam neamd, komme yn de Benelúks twa soarten lânseigen foar. Dat binne de Ienstilige hagedoarn (Crataegus monogyna syn. C. oxycantha) en de Twastilige hagedoarn (Crataegus laevigata). Der komt lykwols ek in soartshybride fan de Ienstilige en Twastilige hagedoarn, Crataegus ×macrocarpa, yn it wyld foar.

It geslacht omfiemet hûnderten soarten, wêrfan trije yn Nederlân foarkomme, sawol yn it wyld as oanplante as sierbeam. Dêrneist wurdt de hybride Crataegus ×lavallei / C. lavallei en de út Sina kommende Crataegus persimilis as sierbeam yn Nederlân oanplante.

De ienstilige hagedoarn kin in beam fan wol 10 meter heech wurde, wylst de twastilige hagedoarn in strûk is dy't oant 4,5 meter heech wurdt. Se bloeie yn maaie/juny mei sterk rûkende blommen. Op de tûken sitte toarnen. Dêrom de nammen Hagedoarnwinter en Swartehagekjeld foar de kâlde perioade op likernôch 11-14 maaie.

As sierbeam wurdt fan de twastilige hagedoarn it ras 'Paul's Scarlet' oanplante. Dizze hat folde, rôzereade blommen en foarmet gjin fruchten. Troch de folde blommen is dizze hagedoarn minder gefoelich foar baktearjefjoer (Erwinia amylovora). De beam wurdt oant 6 meter heech. De beam wurdt troch okulearjen fermeardere op de ûnderstamme fan de oare soarten.

Hagedoarn wurdt al sûnt de 16e iuw brûkt om de bloedsomrin te stimulearjen. Dizze wurking komt ûnder mear troch de ynhâldsstof rutine: dy stof is wittenskiplik bekend om syn fermogen om blauwe plakken foar te kommen. Boppedat helpt hagedoarntee om de golesterol te ferleegjen.

Ekologyske wearde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hagedoarn is troch syn toarnen aardich goed beskerme tsjin de fraat fan grutte weiders en foarmet sa in skûlplak foar in protte organismen. Wat der oerbleaun is fan de tûzenen kilometers, somtiden iuwenâlde, hagen wurdt tsjintwurdich faak om syn ekologyske- en kultuerhistoaryske wearde beskerme (Ingelân). It is in plant dy't benammen foarkomt oan boskrânen en yn klaaibermen.

De plant fermeardert him troch sied en troch stekken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]