Haarlimmerlide en Spaarnwâld
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Gemeente Haarlimmerlide en Spaarnwâld
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | |||||||
Provinsje | Noard-Hollân | ||||||
Boargemaster | Pieter (P.J.) Heiliegers (VVD) | ||||||
Haadplak | Healwei | ||||||
Oerflak - wetter |
21,19 km² - 1,95 km² | ||||||
Ynwenners | 5.544 | ||||||
Ferkearsieren | A9, A200, N200, N202 | ||||||
Netnûmer | 020, 023 | ||||||
Postkoades | 1165, 2060-2061, 2064-2065 | ||||||
Offisjeel webstee | www.haarlemmerliede.nl |
Haarlimmerlide en Spaarnwâld, somtiden ferkoarte ta Haarlimmerlide (Nederlânsk: Haarlemmerliede en Spaarnwoude), is in eardere gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân, dy't op 8 septimber 1857 ûntstien is út 'e fúzje fan 'e doetiidske gemeenten Haarlimmerlide en Spaarnwâld. It is in plattelânsgemeente yn 'e ferstedske Rânestêd mei 5.544 ynwenners (31 maart 2015). It oanlizzen fan it rekreaasjegebiet Spaarnwâld hat de gemeente fan in frij agraryske mienskip feroare yn in plak dêr't in protte toeristen komme.