Springe nei ynhâld

H.N. Werkmanpriis

Ut Wikipedy
Oarkonde d.d. 21 july 1945, earste "H. N. Werkman Prijs voor typografie"

De H.N. Werkmanpriis is in priis foar grafysk ûntwerpen fan it Amsterdams Fonds voor de Kunst dy't tusken 1945 en 2003 alle jierren takend waard. De priis is ferneamd nei de Grinzer drukker-keunstner Hendrik Werkman.

De H.N. Werkmanpriis waard sawol útrikt foar in oeuvre (bygelyks dat fan Gerard Unger, yn 1984) as foar in rige ûntwerpen (de bankbiljetten fan Ootje Oxenaar, yn 1986; it literêr tydskrift Raster fan Kees Nieuwenhuijzen, yn 1992) as ek foar in inkeld ûnderwerp (it lettertype Trinité fan Bram de Does, yn 1991).