Hús mei in krús
Appearance
It hús mei in krús is in tekenspul en riedsel. It doel is om in hús te tekenjen mei ien pinnestreek wêrby’t in line net twaris lutsen wurde mei. Der bestiet ek in ferzje wêry’t njonken it hús mei in krús in garaazje tekene wurdt mei in flagge op it tek.
-
Ien fan de mooglikheden om in hús mei in krús te tekenjen.
-
”In hús mei in krús mei dêrnjonken in garaazje ein in flagge op it tek.
Wiskundige ferwizing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wiskundich sjoen is it hús mei in krús in probleem út de grafentéory. It probleem bestiet der út om in graaf te tekenjen wêrby’t der wol in Eulerpaad mar gjin Eulerkrús bestiet, omt der twa punten binne (yn it ôfbyld hjirnjonken de knopen 1 en 2) dy’t in graad fan 3 hawwe. Om in hús mei in krús te tekenjen mei mar 1 pinnestreek is it allinnich mooglik om yn punt 1 of punt 2 te begjinnen, wêrby’t dan einige wurdt yn it oare punt.