Hørsholm (gemeente)
Hørsholm | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemarken | |
Regio | Haadstêd | |
Gemeenten | Hørsholm, Fredensborg en Rudersdal | |
Boargemaster | Morten Slotved | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 46.229 (2014) | |
Oerflak | 31,28 km² | |
Befolkingsticht. | 789 / km² | |
Hichte | 32 m | |
Oar | ||
Stifting | 1739 | |
Postkoade | 2970 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+1 | |
Offisjele webside | ||
Webside fan stêd en gemeente |
Hørsholm is in gemeente (Hørsholm kommune), op it Deenske eilân Sjælland yn de regio Haadstêd
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Hørsholm stie it Paleis Hirschholm, it simmerferbliuw fan kening Kristiaan VII en syn hofhâlding yn 1771, doe't syn frou keninginne Caroline Matilda befoel fan har dochter by liifdokter Johann Friedrich Struensee, prinsesse Louise Augusta. It kastiel, wol it "Versailles fan it Noarden" neamd, waar nei dat jier net mear ûnderholden en letter ôfbrutsen fanwege Frederik VI, soan fan de kening, om as boumateriaal te tsjinjen foar Paleis Christiansborg, dat yn 1794 ôfbaarnd wie.
De tsjerke fan Hørsholm is út 1832 en in ûntwerp fan Christian Frederik Hansen; it stiet op it plak fan it eardere kastiel.
It pleatslike museum, Hørsholm Egns Museum, hat een permaninte útstalling oer it paleis en syn skiednis.
Ferneamde ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karen Blixen en Johannes Ewald hawwe yn de gemeente wenne en ek de Deenske tycoon Simon Spies dy't jierliks 50 oant 60 m. Deenske Kroanen oan gemeentebelestingen deltelde, sa'n 31 oant 37 m euros (2013).
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boargemasters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de gemeentlike weryndieling:
Perioade | Namme | Partij |
---|---|---|
1970–1974 | Sven Jørgensen | K |
1974–1975 | Lulla Lucas | K |
1975–1985 | Ove Bernhard Sundberg | K |
1988–2000 | Hanne Falkensteen | K |
2001–2005 | Uffe Thorndahl | K |
Nei de gemeentlike weryndieling:
Namme | Partij | Perioade |
---|---|---|
Uffe Thorndahl | Unôfhinklik | 1. jan. 2006 - 31 desimber 2009 |
Morten Slotved | Konservatyf | 1 jannewaris 2010 - |