Springe nei ynhâld

Guantánamobaai

Ut Wikipedy
Guantánamobaai
geografy
type wetter baai
lokaasje súdeastlik Kuba
lân Guantanamo Bay (Fer. St.)
Kuba
koördinaten 19°59′51″ N, 75°8′31″ W
ûnderdiel fan Karibyske See
sifers
maks. lingte 19 km
maks. breedte 10 km
oerflak ±190 km²
kaart
Guantánamobaai (Kuba)
Guantánamobaai
Lizzing yn Kuba

De Guantánamobaai is in baai yn it súdeasten fan Kuba, yn de provinsje Guantánamo. De baai is in ynholte fan de Karibyske See. De Guantánamorivier mûnet yn it westen yn de baai by de havenstêd Caimanera.

De havenplakken Caimanera (westouwer) en Boquerón (eastouwer) lizze tsjinoer elkoar op in plak dêr't de baai tige smel is. De stêd Guantánamo leit op sa'n 13 kilometer benoarden de baai.

Yn it súdlik part fan de baai leit in marinebasis fan de Feriene Steaten (sûnt 1898) dy't Guantanamo Bay hjit. De basis omfiemet sa'n 117 km² fan de baai.

In loftfoto fan 'e Guantánamobaai.