Grutte Tuorrebout

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Grutte Tuorrebout
Typha latifolia norway.jpg
taksonomy
Klasse: Liliopsida
Skift: Poales
Famylje: Typhaceae
soarte
Typha latifolia

De Grutte Tuorrebout (Typha latifolia) is in oant mear as 2 meter hege plant fan fiedselrike ouwers mei lange grutte blêden, en in karakteristike brune "sigaar" oan de útein fan syn stâlen. De plant bloeit in juny/july mei de manlike ier meastal fuort boppe de froulike ljochtbrune ier, wêroan't de blommen sitte. By ripens binne de froulike ieren swarteftich brún; de sigaren. By de Lytse Tuorrebout binne de ripe sigaren gieleftich oant grieneftich fan kleur.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutte tuorrebout is in tige algemiene plant en komt foar oan wetterkanten yn tige fiedselrike omstannichheden en yn soere, fiedselryk wurdende marren en puollen. De plant komt net foar oan grutte iepen wetters.

De plant kin him ûnder geunstige omstannichheden hurd troch woartelstokken ferspriede.

De tuorrebout stiet bekend as in beskerme plantesoarte, mar stiet net op de reade list en ek net op de List fan wetlik beskerme planten yn Nederlân.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opdroege ripe bloeiwize wurdt troch bern wol oanstutsen en brûkt as 'stjonksigaar'. It plús ít de ripe bloeiwize is hiel handich by it oanmeitsjen fan fjoer. De woartelstokken binne tige setmoalryk en in boarne fan fiedsel by ekstreme. Yn 'e maitiid kinne de jonge knoppen iten wurde as in soarte asperzjes.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei: