Grutte Synagoge (Charkov)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Grutte Synagoge

Хора́льна синаго́га / ПХоральная синагога

Kharkiv Synagoga SAM 8972 63-101-2323.JPG
lokaasje
lân Flag of Ukraine.svg Oekraïne
oblast Flag of Kharkiv Oblast.svg Charkov
plak Kharkiv-town-flag.svg Charkov
bysûnderheden
type bouwurk Synagoge
boujier 1909-1913
arsjitekt Valentin A. Feldmann, Jakov G. Gеvirts.
boustyl Romaanske en moarske ynfloeden
webside Side Joadsk Charkov

De Grutte Synagoge (Oekraynsk: Хора́льна синаго́га, Russysk: ПХоральная синагога; joadske namme Beit Menachem) is in synagoge oan de Pûsjkinskoj 12 (Пушкинской, 12) yn Charkov yn de Oekraïne. De synagoge waard yn de jierren 1909-1913 troch Valentin Avgûstovitsj Feldmann en Jakov G. Gеvirts boud.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan de Grutte Synagoge fûn plak op in lokaasje dêr't earder in grut ferfallen lânhûs stien hie. De joaden kochten dat lân oan en mochten dêr in nije synagoge bouwe, op betingst dat hja de synagoge noch wat fierder fan de strjitte ôf bouden, om't de regels yn dy tiid sa wiene dat de ôfstân fan de otterdokse Nikolaastsjerke teminsten 100 sazjen (likernôch 213 meter) bliuwe moast. De bou fan de synagoge koste 150.000 roebel, dat benammen troch rike joaden ophoaste waard.

Ynterieur

Yn 1923 waard de synagoge sletten, saneamd op fersyk fan joadske arbeiders. It waard oerdroegen oan in joadske arbeidersferiening en sûnt 1941 waard der in teäter yn ûnderbrocht. Yn 1945 waard it gebou wer in synagoge, mar yn 1949 op 'e nij sletten en oan Spartak jûn, in sportorganisaasje dy't it gebou oant de hjerst fan 1991 brûkte foar syn aktiviteiten.

De weromjefte fan de synagoge oan de joadske mienskip fan de stêd folge yn 1990. In rabby út Israel arrivearre, in bibleteek en in skoalle waard iepene en der fûnen kulturele evenminten plak. De synagoge waard renovearre en de sportakkomodaasjes ôfbrutsen om it wer in sintrum te meitsjen foar it joadendom yn Charkov. Nei in brân yn 1998 waard it gebou op 'e nij renovearre en iepene yn 2003. It restauraasjeprojekt waard troch de út Charkov ôfkomstige arsjitekt Vladimir Novgorodov útfierd.

De Grutte Synagoge is de grutste synagoge fan de Oekraïne. De hichte fan de koepel is 42 meter en de lingte fan it gebou 50 meter. Meiïnoar beslacht de synagoge in oerflak fan 2.067 m². De hillige arke dêr't de boekrollen bewarre wurde is njoggen meter heech.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: