Grutte Potten
Appearance
De Grutte Potten is in mar yn de gemeente Súdwest-Fryslân, east fan Offenwier. De mar stiet yn ferbining mei de Houkesleat, de Trije Pôlen en it Krúswetter. Rjochting de Griene Dyk lizze ek noch de Lytse Potten.
De namme Grutte Potten jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Groote Potten.