Grutmaster (skaken)
Appearance
Dit artikel is in stobbe oer sport.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Grutmaster (GM) of ynternasjonaal grutmaster (IGM) is in titel dy't troch it ynternasjonaal skaakbûn Fédération Internationale des Échecs (FIDE) oan in skaker takend wurde kin as er in beskaat nivo berikt. It is de heechst berikbere titel yn it skaken en jout oan dat de as sadanich beneamde persoan in útsûnderlik kundige skaker is (of west hat). Lang wie 'grutmaster' in ynformele oantsjutting, dy't ornaris brûkt waard foar de wrâldkampioen en syn direkte útdagers. Yn 1950 begûn de FIDE dizze titel lykwols offisjeel ta te kennen, wat it gebrûk formalisearre.