Grut Komoare
Appearance
Grut Komoare (ek bekend ûnder de namme Ngazidja of Ngasidja) is in eilân yn de Strjitte fan Mozambyk yn de Yndyske Oseaan en heart by de eilannensteat Komoaren.
Op it eilân wenje sawat 234.000 minsken (1991). De haadstêd is Morony en is tagelyk de nasjonale haadstêd. It heechste punt leit op 2361 meter.
Eartiids wie Grut Komoare ferparte yn de sultanaten Bambao, Itsandra, Mitsamihuly, Bajiny, Hambu, Washily, Hamahame, Mbude, Hamvu en LaDombe. De sultans feriene harren yn 1886 op inisjatyf fan de sultan fan Bambao, Saidi Ali ibn Saidi Omar.
Yn 1911 anneksearre Frankryk it eilân en kaam in ein oan de sultanaten. Yn 1975 gong Grut Komoare in federaasje oan mei de eilannen Anjouan en Mohély en foarmje mei inoar de federaasje fan de Komoaren.