Grut Basisskoallespul
It Groot Basisschoolspel, Grut Basisskoallespul is in boerdspul foar skoalbern.
Mei it strategysk ynsetten fan stapkaarten en it goed brûken fan bluf en juf-fiches kinne diploma's helle wurde. In diploma kin besetten wurde troch de fragen goed te beantwurdzjen, wa't as earste seis diploma's garre hat is de winner. Elk spilet mei de fragesetsjes fan syn of har groep, dus elk spilet op eigen nivo. Der binne fragekaartsjes foar groep 3 o/m 8. Yn totaal 2200 fragen. It spul kin mei 2 oant 4 spilers spile wurde of as teams tsjin elkoar. Alle wichtige skoalfakken komme oan bod, lykas Rekkenje, Taal, Natoer, Ierdrykskunde en Skiednis. En der binne algemiene fragen yn de kategory Skoalplein.
It spul waard yn 2011 betocht troch de âld-Drachtster Robert Brouwer. It waard yn novimber 2011 keazen ta Boartersguod fan it Jier 2011 yn de kategory acht oant tolve jier. Kabaretier en spultsjebetinker Brouwer ûntwikkele it spul foar Utjouwerij Noordhoff. Der komme noch útwreidings op it mêd fan Taal en Rekkenjen, elk ek mei 2200 fragen der by.
Foar de ferkiezing waard it spul ûnder oare testen op basisskoallen yn hiel Nederlân. De konsumint koe dêrnei stimme op de website www.speelgoedvanhetjaar.nl. De oare fjouwer winners fan Boartersguiod fan it Jier 2011 wienen: Lego Duplo Grut sikehûs (0-4 jaar), Storio, educational multimedia system (4-6 jier), Prinsessenkastiel Playmobil (6-8 jier) en Trivial Pursuit Wedden dat je ‘t Weet (12+).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |