Springe nei ynhâld

Grut-Botniahûs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grut-Botnia)
Grut-Botnia yn de 18e iuw Tekening fan Cornelis Pronk
It hjoeddeiske Korenbeurs

Grut-Botniahûs wie in stins yn Frjentsjer. Op it plak fan de eardere sealstins stiet no de Korenbeurs.

It hûs waard ûngefear yn de twadde helte fan de 15e iuw boud yn heechgoatyske styl sûnder ferdigenbere funksje. De stêdstate sil mear boud wêze om macht en rykdom oan te jaan fan de famylje Botnia.

Grut-Botnia wie seis finsters breed en hie twa boulagen mei in hege kape tusken tútgevels. Yn de brede voorgevel en yn de sydgevel sieten grutte spitsbôgefinsters, sa't dy no allinnich noch yn goatyske tsjerklike arsjitektuer te sjen binne. Tusken de boulagen wie in fraaie rûnbôgefries útmitsele en it muorrewurk bestie út ôfwikseljende bannen fan reade en giele steen, eat dat by mear sealstinzen yn de stêden foarkaam.

Op de ûnderferdjipping wie links de grutte seal fan trije finsters breed en dy romte waard ferwaarme troch in iepen hurdsteed. Dat witte we troch it feit dat hjirboppe op it dak in rûne skoarstien stie. Rjochts fan de midden wie de yngong en dêrneist in lytser fertrek. Oer de yndieling fan de boppeferdjipping is neat bekend. Boppe it dak riist in toer op, nei alle gedachten in treptoer, dy't bekroane waard mei in ynsnoerde spits mei sipelfoarm. Soks is te sjen op de stedsplattegrûn fan Pieter Bast út it begjin fan de 17e iuw. Op in ôfbyld fan sa'n 150 jier letter, fan de tekener Cornelis Pronk, is dy spits ferdwûn.

Grut-Botnia is it moaiste gebou fan Fryslân yn heechgoatyske styl en wie de earste sealstins binnen Frjentsjer en dêr kaam pas oan de ein fan de 15e iuw in ein oan, mei de bou fan it Martenahûs. It hûs waard foar it meastepart yn 1810 ôfbrutsen en earst yn de rin fan de 19e iuw is de stean bleaune noardmuorre opnij brûkt foar de bou fan de Korenbeurs.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: