Groustins (Koudum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De state Groustins stie yn Koudum, gemeente Himmelumer Aldeferd. Restanten fan de state sitte yn it 'doktershûs'.

De Groustins wurdt foar it earste neamd yn de twadde helte fan de 15e iuw. Der binne troch Jacobus Stellingwerf yn 1722 en 1723 twa states tekene dy't yn Koudum stiene. It is net krekt dúdlik hokker de Groustinsstate is. By de iene tekening stiet: huis van den ouden heer Frederik van Vierszen te Koudum en by de oare: het huis dat aan de heer Jacob van der Wajen, grietman van Hemelumer Oldevaert behoort.
Yn 'De Tegenwoordige Staat van Friesland' stiet: Doch in 'Noorden der buurt', heeft men nog de State Grovestins, die in laater tyd merkelyk versierd is door den Grietman Van der Waaien, die niet alleen het huis fraai verbouwd, maar ook verscheiden schoone hovingen en plantagien by 't zelve beeft gevoegd....

Oan de hân hjirfan soe ûndersteld wurde kinne, dat het huis van de heer Jacob van der Wajen de Groustinsstate betreft. Yn de twadde helt fan de 15e iuw wurdt in âlde stins neamd, fan de ferneamde fjochtersbaas Igo Galama, dy't by de partijskippen allegeduerigen op fjildtocht wie. Restanten fan dizze stins soenen by dit hûs heard hawwe kinne.

De state fan Van der Waaijen is in rjochthoekich bouwurk fan twa boulagen op in sûterrên en mei in skylddak mei hoekskoarstiens. Oan beide kanten fan de yngongspartij sitte twa raamfekken. De doar hat in blokte omlisting mei boppeljocht en it boppelizzend finster hat in barokke omlisting. Dêr wer boppe is in grutte dakkajút útboud mei in balustrade; mooglik waard de kajút ek brûkt as belvedêre. Oan de hân fan de ôfbylding út 1723 soe it wêze kinne dat dizze state boud is yn de lêste tsientallen jierren fan de santjinde iuw. Fan dit hûs resteare yn it saneamde doktershûs noch inkele gedielten.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2e helt 15e iuw Ige Galama
  • 1723 Jacob van der Wajen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: