Grifformearde tsjerke (De Pein)
Grifformearde tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Smellingerlân | |
plak | De Pein | |
adres | Kommisjewei 184 | |
koördinaten | 53° 08' N 6° 02' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1978 | |
Webside | ||
Side Grifformearde PKN-gemeente | ||
Kaart | ||
De Grifformearde tsjerke yn de De Pein is ien fan de twa tsjerken fan de Protestanske gemeente Nijegea-De Pein-De Tike.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 13 maart 1891 waard de grifformearde gemeente fan Nijegea-De Pein-De Tike ynstituearre. Foar dy tiid foelen de grifformearden fan dy doarpen ûnder de grifformearde gemeente fan Aldegea, dêr't al sûnt 1836 in ôfskieden gemeente bestie.
It hjoeddeiske moderne gebou ferfong yn 1978 in grut monumintaal gebou út 1912, dat yn fjouwer moannen tiid boud wie. Om noch mear romte te meitsjen waard dy tsjerke yn de jierren 1930 fan in twadde kreake foarsjoen. De tsjerke wie troch de groeiende gemeente lykwols yn de jierren 1950 al wer te lyts. Ferskillende ferbouwings brochten gjin grutte ferbetterings. Yn de jierren 1970 kaam der nei in perioade fan stabilisaasje op 'e nij in taname fan it tal lidmaten. Doe't de gemeenteleden yn dy tiid de kar jûn waard om de besteande tsjerke te renovearjen of de âlde tsjerke troch nijbou te ferfangen, keas in grutte mearderheid foar nijbou. Op 19 febrewaris 1978 waard de lêste tsjinst yn de âlde tsjerke holden. Dêrnei folge de ôfbraak en de nijbou en op 22 desimber 1978 koe it nije tsjerklik sintrum yn gebrûk nommen wurde.
De gemeente fierde yn 1991 it hûndertjierrich bestean. Yn it ramt fan it jubileum waard troch Jan Bijlsma it boek "Honderd jaar Gereformeerde kerk Nijega, Opeinde en De Tike (1891-1991)" skreaun.
Op 13 maart 2016 fierde de grifformearde gemeente it 125-jierrich bestean.[1]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de grifformearde tsjerke waard yn 1989 boud troch Sicco Steendam út Roodeschool en ferfong in âlder pneumatysk oargel út 1914 fan Pieter van Dam. It wie ynearsten it doel om in nij ynstrumint yn de besteande kast te bouwen, mar houtwjirm hie it front sa bot oantaast dat in nije kast needsaaklik wie.
Op útstel fan Steendam is de bou fan it nije oargel basearre op it Bätz/Witte-oargel fan de Alde Tsjerke yn Delfshaven út 1850. It wie de earste opdracht foar de oargelbouwer en it risseltaat waard yn binnen- en bûtenlân priizge. Inkelde registers fan it âlde oargel binne troch Steendam fan it âlde oargel oernommen en ek is 19e iuwsk piipwurk út it Van Dam-oargel op 'e nij brûkt.
Om't it jild op wie bleau der lykwols noch plak oer foar noch in pear registers. Yn 2009 foege Steendam in Dulciaan op it boppewurk, in Bazuin op it pedaal en in tremulant ta. It oargel waard op 12 septimber 2009 op 'e nij yn gebrûk nommen mei in konsert fan Martin Mans.[2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|