Grifformearde tsjerke (Arum)
Grifformearde tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Arum | |
adres | Van Camminghawei 13 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
offisjele webside | ||
Protestanske gemeente Arum-Kimswert |
De grifformearde tsjerke fan Arum wie oant 2012 yn gebrûk as it tsjerkegebou fan de grifformearde gemeente.
Untstean fan de ôfskieden gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ûnstean fan de grifformearde tsjerke is fral te tankjen oan de boerinne Aafke Goslinga-de Boer, dy't út ûnfrede mei de frijsinnigens yn de herfoarme tsjerke mei jild de ynstitúsje fan in Arumer ôfskieden gemeente yn 1859 mooglik makke. In jier letter ferstoar har man, Tjeerd Goslinga, mar ek as widdo bleau hja krewearjen foar de opbou fan in gemeente mei in rjochtsinnich lûd. Oan de Alde Tsjerkestrjitte waard yn 1862 in tsjerke yn gebrûk nommen en in dûmny beroppen. As pastory stelde de widdo in diel fan har wenning beskikber oant yn 1880 foar de dûmny in nije pastory oan de Camminghawei boud waard.
It grifformearde libben bloeide yn Arum en der ûnstiene ferskillende ferienings, mar tsjin it ein fan de 19e iuw ferhûzen 86 leden fan de gemeente nei de Feriene Steaten, in oantal dat lang net goedmakke waard troch nije oanwaaks as gefolch de doleânsje. In nije klap foar de gemeente in jier as wat letter oan it begjin fan de 20e iuw wie de winsk fan de Achlumer gemeenteleden om yn Achlum in eigen tsjerkje te bouwen.[1]
Nijbou en sluting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dochs waard yn 1910 njonken de pastory oan de Van Camminghawei in nije grifformearde tsjerke boud. De grifformearden tsjerkten foar it lêst yn it âlde tsjerkegebou oan de Alde Tsjerkestrjitte op peaskesnein 1911 en op de peaskemoandei dêrnei waard de nijbou oan de Van Camminghawei yn gebrûk nommen.
De Frijmakking yn 1944 soarge foar in nije daling fan it ledental. De artikel 31-gemeente krigen yn de jierren 1950 in nij tsjerkegebou oan de Skoalstrjitte.
Nei it iuwfeest fan de gemeente waard yn de jierren 1963-1964 it ynterieur fan de tsjerke fernijd. De tsjerke krige in nije preekstoel, nije banken en nije lampen. Noch krekt koe in 150-jierrich jubileum fierd wurde yn 2011. De folge federative gearwurking mei de herfoarmen en al op 22 jannewaris 2012 waard de lêste tsjinst yn it grifformearde tsjerkegebou fierd. Yn 2014 waard de tsjerke ferkocht oan in keunstskilder, dy't de eardere tsjerke oernaam as wenning en atelier.[2][3]
PKN
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op snein 21 jannewaris 2018 waard de federative gearwurking fan de grifformearde en herfoarme gemeente fan Arum en de herfoarme gemeente fan Kimswert yn de tsjerketsjinst omset ta de Protestantske Gemeente fan Arum-Kimswert.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de grifformearde tsjerke datearre út 1895 en wie boud troch Jan Proper út Kampen. It stie fanôf 1911 yn de grifformearde tsjerke en nei't de tsjerke yn 2012 sluten waard bleau it oargel dêr noch in jiermannich stean, oant it yn 2015 oernommen waard troch de Protestanske gemeente fan Koekange, dy't it mechanyske binnenwurk restaurearje liet en dêrnei yn it besteande oargelfront fan deselde oargelbouwer út 1911 ynbouwe liet. De Arumer Proper-kas waard ôfbutsen en opslein.
Op 28 septimber 2018 waard yn Koekange it oargel op 'e nij yn gebrûk nommen.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|