Griffith Brewer

Ut Wikipedy

Griffith Brewer (1867-1948)[1] wie in Ingelsk loftfeartpionier, ballonfarder en fleander. Brewer makke syn earste ballonflecht yn 1891. Hy moete Wilbur Wright yn Pau yn Frankryk yn 1908 en wie de earste Ingelskman dy't as passazjier mei Wright fleach.[1] Hy waard goefreon en stiper fan de Bruorren Wright en brocht harren 30 kear besite yn de Feriene Steaten. Hy helle syn fleanbrevet dêre yn 1914.

Brewer regele ek dat it Britsk regear yn 1914 foar £15.000 gebrûk meitsje mocht fan de patinten fan de bruorren Wrigh; dat betsjutte dat Britske fleantúchfabrikanten frij fan rjochtsferfolging waarden.[2]

Brewer wie foarsitter fan de Royal Aeronautical Society (RAeS) fan 1940 oant 1942.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Penrose 1967, s.575
  2. "Back to the Beginning" Flight 28 oktober 1948 s.507
  3. http://www.flightglobal.com/pdfarchive/view/1941/1941%20-%201596.html