Gray's Anatomy
Henry Gray's Anatomy of the Human Body, yn 't koart Gray's anatomy, is in standerdwurk op it mêd fan de minsklike anatomy. De earste ferzje is fan 1858 en is skreaun troch Henry Gray mei yllustraasjes fan Henry VanDyke Carter. It auteursrjocht fan de ferzje fan 1917 is ferrûn en dêrmei beskikber wurden yn it publike domein. Fan 1878 ôf ferskynde der neist de Britske ek in Amerikaanske edysje. Teffens kaam yn 2004 it learboek Gray's Anatomy for Students fan 1150 siden út, dat letter ek yn ûnder mear it Frânsk, Dútsk en Spaansk ferskynde.
De 40e edysje fan Gray's Anatomy waard yn septimber 2008 útbrocht. De nijste, 41e edysje waard op 25 septimber 2015 troch Elsevier útbrocht, sawol in printe ferzje en on-line ferzjes. Dy lêsten hawwe foar it earst ek anatomyske fideo's, kommintaren oer anatomyske ûnderwerpen en bygelyks nije ôfbyldsykmetoaden dêr't striderij oer is.
-
Ofbyld fan de plasse út Gray's anatomy
-
De koarte term (duodenum) en alfleisklier (pancreas), 1858
-
Boarstwringe, 1858
-
Bonken fan de hân út de edysje fan 1918
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gray's Anatomy by it Bartleby projekt
- Earste edysje fan Gray's Anatomy, 1858 (direktw PDF link)
- Gray's Anatomy. 2014. Episoade 5 fan de BBC tf-rige The Beauty of Anatomy
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gray's Anatomy plates fan Wikimedia Commons. |