Springe nei ynhâld

Striproman

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Graphic novel)

Een striproman of byldroman (yn it ingelsk graphic novel) is in stripferhaal dat yn boekfoarm útjûn wurdt, meastal mei wiidweidige en somtiids yngewikkelde ferhaallinen en trochstrings makke foar folwoeksenen en mei in literêre ynslach.

Yn Jeropa wurdt De Ballade van de Sâlte See fan Hugo Pratt beskôge as de earste striproman (1975). Yn Amearika wurdt meastentiids A Contract with God fan Will Eisner oanwiisd as it earste ferskinen (1978). Stripromans binne tsjokke stripboeken mei mear siden as de gebrûklike 48 of 64 siden. Faak binne tekenings yn swart-wyt. Benammen útjouwerij Casterman joech yn tachtiger jierren in protte stripromans út yn de rige Wordt Vervolgd Novellen. Hjirby sieten riges lykas de Duistere Steden fan Francois Schuiten/Benoit Peeters en Guisseppe Bergman fan Milo Manara en losse ferhalen fan Loustal, Comez, Servais.

Tsjintwurdich ferskine der in protte autobiografyske stripromans by ferskate spesjalisearre útjouwers as Oog & Blik, Sherpa en Atlas. Casterman hat him foar it meastepart werom lutsen út dizze merk.