Springe nei ynhâld

Goudskat fan Wiuwert

Ut Wikipedy
Kolleksje Ryksmuseum foar âldheden yn Leien.

De Goudskat fan Wiuwert is de wichtichste fynst fan gouden munten dy't yn Fryslân dien is. De goudskat waard fûn by it ôfgraven fan de terp Bessens by Wiuwert en siet yn in hânmakke potsje. De skat bestiet út 37 objekten en grutste part wurdt foarme troch gouden munten (solidi en tremisses) dy't omwurke binne ta hingerkes. De munten binne ûnder oaren fan keizer Justinianus. Oare objekten binne twa ringen en in part fan in grutte fibula. De goudskat is yn de earste helte fan de 7e iuw bedobbe en kin net as in offerjefte sjoen wurde. It hat mooglik de wurkfoarried fan in muntmaster west. [1]

De kolleksje is te sjen yn it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens:

Fuotnoat:

  1. Luut van der Tuut (2013), De Friezen, De vroegste geschiedenis van het Nederlandse kustgebied, Utert, s. 90.