Springe nei ynhâld

Goudûlen

Ut Wikipedy
goudûlen
In Kaapske gersûle (Tyto capensis).
In Kaapske gersûle (Tyto capensis).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:ûle-eftigen (Strigiformes)
famylje:goudûlefûgels (Tytonidae)
skaai:goudûlen (Tyto)
Billberg, 1828

De goudûlen (wittenskiplike namme: Tyto) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes) en de famylje fan 'e goudûlefûgels (Tytonidae). Ta dizze groep hearre anno 2025 achttjin ûnderskate soarten, mar it is no al frijwol wis dat dat oantal yn 'e takomst noch oanwinne sil. Fan in protte oant no ta min beskreaune ûndersoarten wurdt nammentlik fermoede dat it eins selsstannige soarten blike sille te wêzen. De goudûlen binne ien fan 'e beide skaaien fan 'e goudûlefûgels; it oare wurdt foarme troch de maskerûlen (Phodilus), dat út mar twa soarten bestiet. Goudûlen wurde karakterisearre troch in wyt antlit, in ljochte, soms spikkelbûnte bealch, en in dûnkerder rêch.

It skaai fan 'e goudûlen waard yn 1828 yntrodusearre troch de Sweedske soölooch Gustaf Johan Billberg. De typesoarte is de gewoane goudûle (Tyto alba). De wittenskiplike namme fan it skaai komt fan it Aldgrykske wurd τυτώ, tuto, dat "ûle" betsjut en eins in klankneibearing fan 'e rop fan in ûle is.

In Amerikaanske goudûle (Tyto furcata).

Goudûlen komme foar yn hiel Midden- en Súd-Amearika, hiel Austraalje en hiel Afrika útsein de sintrale Sahara. Yn Noard-Amearika rint de noardgrins fan 'e fersprieding fan 'e westkust fan Britsk-Kolumbia fia de Grutte Marren nei Nij-Ingelân. Yn it Karibysk Gebiet komme se foar op 'e Grutte en de Lytse Antillen, útsein Porto Riko en de Famme-eilannen. Yn Jeropa komme oeral goudûlen, útsein yn Skandinaavje, Iislân, Finlân guon Mediterrane eilannen en it grutste diel fan East-Jeropa. Yn Aazje is harren fersprieding beheind ta it Midden-Easten (útsein de woastinen fan it Arabysk Skiereilân), Súd- en Súdeast-Aazje en it suden fan East-Aazje. Yn Oseaanje hearre ek súdwestlik Melaneezje en westlik Polyneezje noch ta it areaal fan dizze fûgels.

Harren hiele evolúsjonêre skiednis troch hawwe goudûlen sjen litten in grutter fermogen te hawwen om eilannen te kolonisearjen as oarsoartige ûlen. Ferskaten fan dy ynsulêre soarten binne miljoenen jierren lyn al útstoarn, mar by oaren is dat noch mar frij resint bard, en guon besteane noch altyd. In stikmannich útstoarne eilânûlen dy't libben op eilannen yn 'e Middellânske See en it Karibysk Gebiet ûntjoegen har troch eilânreuzegroei ta tige grutte fûgels.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goudûlen binne middelgrutte ûlen dy't karakterisearre wurde troch in hertfoarmige antlitsskiif fan wite fearren. Dat is in oanpassing om better te hearren, mei't de stive fearren fan 'e skiif lûden fuortsterkje foar't se nei de asymmetrysk pleatste earen ta laat wurde. Foar de rest is it fearrekleed op 'e bealch ljocht en by de measte soarten licht besprinzge mei dûnkere spikkels, wylst de rêch, efterholle en wjukken dûnkerder fan kleur binne. De snaffel is lyts en krom, en de eagen sitte oan 'e foarkant fan 'e kop, sadat goudûlen in goede djiptepersepsje hawwe. De poaten binne frij lang yn ferhâlding ta it lichem en hawwe teannen dy't mei grutte kloeren tarist binne.

Goudûlen binne nachtdieren, dy't fan 'e jûnsskimer oant de moarnsdage jeie op proaien lykas kjifdieren, hazze-eftigen, pipermûzen, flearmûzen, lytsere fûgels, hagedissen, amfibyen, ynsekten en sels fisken. De soarten dy't yn 'e tropen libje, kinne har yn prinsipe it hiele jier rûn fuortplantsje, mar by soarten út gebieten fierder by de evener wei falt de peartiid ornaris yn it foarjier. Natuerlike fijannen fan goudûlen binne middelgrutte lânrôfdieren dy't it fermogen hawwe om yn beammen te klimmen, en teffens grutte rôffûgels en de grutste soarten ûlefûgels.

In gewoane goudûle (Tyto alba) op 'e wjuk.

Libbene soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It skaai fan 'e goudûlen bestiet op 't heden (2025) út 18 soarten. Ferskaten dêrfan hawwe pas sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw erkenning krigen. Sa waard de Hispanjoalagoudûle (Tyto glaucops) fan Hispanjoala lang as in ûndersoarte of ferskiningsfoarm fan 'e (gewoane) goudûle (T. alba) beskôge, mar wurdt dy fûgel no algemien as in selsstannige soarte erkend. Lang waard ek oannommen dat de gewoane goudûle (dy't nei de ôfspjalting fan 'e Hispanjoalagoudûle noch krapoan 30 ûndersoarten omfette) in wrâldwide fersprieding hie, mar it liket no frijwol wis dat de westlike en eastlike kloften ûndersoarten derfan ôfspjalten wurde moatte ta de Amerikaanske goudûle (T. furcata) mei 10 ûndersoarten, de eastlike goudûle (T. javanica) mei 7 ûndersoarten en de monotypyske Andamanengoudûle (T. deroepstorffi). Net alle autoriteiten hawwe dy feroaring anno 2025 al trochfierd, mar de ferwachting is dat it yn 'e neie takomst wol barre sil.

Mar de restearjende kloft ûndersoarten fan 'e gewoane goudûle yn Jeropa, it Midden-Easten en Afrika fertsjintwurdiget dan nei alle gedachten dochs noch altyd in soartekompleks, mei't ferskate min beskreaune Afrikaanske ûndersoarten foar 't neist ek aparte soarten binne. Foar de Amerikaanske goudûle binne teminsten twa ûndersoarten identifisearre dy't troch guon autoriteiten foar selsstannige soarten oanmurken wurde. Dêrby giet it om 'e Kurasauske goudûle (T. (furcata) bargei) fan Kurasau en de wytwjukgoudûle (T. (furcata) furcata) fan 'e westlike Grutte Antillen, mei dêropta in noch ûnbeskreaune fariant op Bonêre. Ta einbeslút moat ek de Tasmaanske goudûle (T. (novaehollandiae) castanops) mooglik ôfskaat wurde fan 'e Australyske goudûle (T. novaehollandiae).

*) Of Tyto tuidara as de wytwjukûle as in selsstannige soarte sjoen wurdt.

Fossile soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fossile soarten binne:

In pear gewoane goudûlen (Tyto alba).

Subfossile soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Subfossile soarten binne:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.