Springe nei ynhâld

Goslingastate (Hallum)

Ut Wikipedy
Goslingastate troch J. Stellingwerf
Goslingastate troch Cannegieter
Pleats Goslingastate

Goslingastate stie súdeast fan de doarpsterp fan Hallum, gemeente Ferwerderadiel. Op it stee stiet no in pleats.

It boujier is ûnbekend, mar de state waard ein 15e iuw foar it earst neamd. Omdat yn de abtelibbens fan Mariëngaarde yn de midden fan de 12e iuw in ealman Goslic/Godschalk yn Hallum neamd wurdt, is it in âlde tradysje dat de Goslinga's syn neisieten wienen. Sibrandus Leo neamt him Goslicus ex Goslinganis nobilibus. De kronyk fan Andreas Cornelius fermelde anno 1163 wierde it kleaster Mariëngaarde in 't dorp Hallum gestigt van Fredrico, den pastoor aldaar, dog met mede hulp van die van Goslinga, wylst de 17e-iuwske genealogen Pibo fan Albada en Josias Rispens de Goslinga's tegearre mei de Markela's as stichters fan de abdij seagen. Neffens it ferhaal hie Goslinck Goslinga ien fermoarde en om him fan syn sûnde te suverjen helle pastoar Frederik him oer syn hiele fermogen en al syn lân te brûken foar it stiftsjen fan it kleaster Mariëngaarde. En dat wie net alles. Pastoar Frederik wist him sels safier te krijen om syn frou en bern te ferlitten en yn dit kleaster te gean. Pastoar Frederik moat in garismatysk man west hawwe, want hy wist ek ferskate familyleden fan Goslinck dit nije kleaster binnen te lokjen.
Cyprianus Goslinga en Jucka Offingahuizen soenen omtrint 1230, ûnder Hindrik I, hartoch fan Brabân, de krústocht meimakke hawwe tsjin de "ongeloovige en afvallige Standingers".

  • midden 15e iuw Goslinck Goslinga
  • twadde helte 15e iuw Feye Goslinga
  • 1505, 1511 Tjepcke fan Goslinga
  • - 1558 Ernst I Goslinga
  • 1558 - 1614 Ernst II Goslinga en syn frou Sjouck fan Cammingha
  • 1614 – 1627 Sjouck fan Cammingha
  • 1627 - 1634 Ernst fan Harinxma à Donia, troud mei Doedt fan Roorda
  • 1634 – nei 1648 Doedt fan Roorda en Harmen fan Rinssen
  • in soan fan Doedt fan Roorda
  • 1670 Zeyno Joachim fan Welvelde ta Duurseme en Vredeveld
  • - 1711 Gerrold fan Burmania
  • 1711 - Sjuck fan Burmania
  • - 1736 widdo fan Sjuck fan Burmania
  • 1736 – trije soannen fan Sjuck fan Burmania
  • - 1775 jhr. Duco Martena fan Burmania
  • - 1824 Wilhelmina Eduarda fan Burmania
  • ?? Idsinga, troud mei Thomas François Martin
  • Isaak Gijsbers Arentsma Martin
  • - 1860 dochters fan Isaak Gijsbers Arentsma Martin

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Elward en Karstkarel - Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland,1992
  • D. Cannegieter - Geschiedkundige herinneringen van Hallum, artikels yn de Friesche Almanak fan 1851 en 1852
  • G.A. Wumkes - Stads en Dorpskroniek van Friesland, 1930
  • Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp', sa. 1955