Golf fan Izmir
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Golf fan Izmir | ||
![]() | ||
Sjoen fanút de haven fan Izmir. | ||
geografy | ||
lokaasje | oan 'e westkust fan Lyts-Aazje | |
ûnderdiel fan | Egeyske See | |
sifers | ||
maks. lingte | 32 km | |
maks. breedte | 16 km |
De Golf fan Izmir (Turksk: İzmir Körfezi), foarhinne bekend as de Golf fan Smyrna, is in baai oan 'e Lytsaziatyske kust fan 'e Egeyske See, sitewearre tusken it skiereilân Karaburun en it fêstelân fan Lyts-Aazje yn 'e omkriten fan 'e stêd Foça. It wetter is neamd nei de miljoenestêd Izmir (foarhinne Smyrna), dy't der oan 'e lânkant grutdiels omhinne teard leit. De Golf fan Izmir mjit 32 km fan noard nei súd en 16 km fan east nei west, en hat treflike ankerplakken.