Springe nei ynhâld

Nikolaj Gogol

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gogol)
Nikolaj Gogol

Nikolaj Gogol, folút Nikolaj Vasiljevitsj Gogol (Russysk: Николай Васильевич Гоголь; 1 april 1809, Velyki Sorotsjyntsi4 maart 1852, Moskou) wie in Russyske proazaïst fan de 19e iuw.

Gogol kaam út Lyts-Ruslân. Syn âlden bewennen in lytse bûtenpleats yn het gûvernemint Poltava. Hy folge it gymnasium yn Nizjyn.

Titelside fan Deade Sielen

Yn 1828 gie er nei Sint-Petersburch om in baan te sykjen by de oerheid. Dat jier publisearre er it gedicht Hanz Küchelgarten. De ûntfangst wie lykwols net goed, en hy besleat nea wer te dichtsjen.

Fan 1831 oant 1832 wurke Gogol oan 'Jûnen op in doarp by Dikanka'. Dat is in fleurige, folkloaristyske ferhalebondel, ynspirearre troch syn jeugdjierren yn de Oekraïne.

Yn 1834 waard er adjunkt-heechlearaar oan de universiteit fan Sint-Petersburch. Dat wie gjin súkses. Hy hie totaal gjin doel oer de stof (skiednis) dy't er dosearje moast.

In jier letter lei er him ta op it skriuwen. Tema's dy't faak werom komme yn syn wurk binne de duvel en de tsjinstelling tusken skyn en wurklikheid. Ek skreau er in soad oer Sint-Petersburch. Om 1836 hinne kaam syn toanielstik 'De Revisor' út. In oar toanielstik fan him is: 'Houlik'.

Dêrneist skreaun er ek ferhalen as 'De noas' en 'Deiboek fan in gek', beide út 1835. Letter waarden dizze ferhalen bondele yn 'Petersburchse fertellings'. In ferneamde novelle yn dizze bondel is 'De mantel'. Oer dizze novelle skreaun Vladimir Nabokov: 'Mei syn ûnstjerlike ferhaal 'De mantel', waard Nikolaj Gogol de grutste keunstner dy't Ruslân ea opsmiten hat'.

Gogol ferbaarnt it manuskript fan de 2e helte fan "Deade Sielen", Repin

In masterwurk fan Gogol is de roman 'Deade sielen' (1842). Syn opset wie om in trilogy te skriuwen, mar allinnich diel 1 is ôfmakke; Gogol ferbaarnde it part dêr't er ûntefreden oer wie, dat fan diel 2 binne mar inkelde fragminten bewarre bleaun. Hy ferklearre dat it in fersin wie — in practical joke him oandien troch de Duvel. (Koart dêrnei rekke er op bêd en stoar er njoggen dagen letter mei in protte pine).

'Deade sielen' giet oer de lânhear Tsjitsjikov, dy't by oare lânhearen del giet om harren saneamde 'deade sielen' (liifeigenen ('sielen'), dy't ek nei harren dea op de saneamde refyzjelisten stean bleaune) op te keapjen. Libben beskriuwt er it treffen mei dizze tige útienrinnende personaazjes.

Fan 1836 oant 1848 wenne er yn it bûtenlân, reizge troch Dútslân en Switserlân. De winter fan 1836-1837 wied er yn Parys, dêr't er omgie mei Russen om utens en Poalske ballingen; faak moete er Poalske dichters Adam Mickiewicz en Bohdan Zaleski. Uteinlik sette er him ta wenjen yn Rome. Lykwols is er ferstoarn yn Moskou.

In reis nei Palestina hat er ek noch makke wêrmei't in grutte winsk ferfolle waard.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]