Springe nei ynhâld

Glêsblazen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Glêsblazer)
Glêsblazer oan it wurk yn Hadeland Glêswurk.

Glêsblazen is in technyk dy't hjoeddeisk fral brûkt wurdt om keunstsinnige objekten fan glês te meitsjen, troch mei in blaasroer lucht yn in hoemanichte hjit glês te blazen.

Glês wurdt ornaris makke troch masines, of oars troch it blazen fan glês troch in glêsblazer. Saakkundigen hâlde út dat glês foar it earst makke waard yn Syrië om 5000 jier foar Kristus hinne. It brûken fan glêspulp wie doe beheind ta it "glazuerjen" fan foarwerpen fan stien en klaai.

De grûnstof fan glês is sân (59 %), polke (18 %), dolomyt (15 %), kalkstien (4 %), nefeline (3 %) en sulfaat (1%). De ferhâldings tusken de ferskate parten kinne lykwols feroarje. Dat hinget fral gear mei it doel fan it glês en hoe dreech it bewurkjen wêze mei. Foar it meitsen fan kleure glês kinne ek ferskate metaaloksiden of oare gemikaliën lykas fosfaat, selenium of goud tafoege wurde.