Gjalt Blaauw

Ut Wikipedy
Assen (2001)

Gjalt Blaauw (Grou, 15 jannewaris 1945) is in Frysk keunstner.

Blaauw folge in oplieding oan Akademy Minerva, wêr't hy les krige fan ûnder oare Karl Pelgrom. Blaauw slute him oan by it Ynstitút foar Kreatyf Wurk (ICW) yn Finsterwâlde. It ICW makke wurk as groep, wa't der wat makke hie wie net fan belang. De groep hâlde al nei 2 jier op te bestean.

Blaauw rjochte him dêrnei folslein op it stienhouwen. Syn earste wurk Mantsje (1972), krige yn 1975 in plak yn it Noarderplantsoen yn Grins. Nei dit byld stapte Blaauw ôf fan it figurative wurk en gie mear assosjatyf wurkjen. Hy joech syn wurken gjin namme mear, omdat hy fûn dat minsken hjiryn harren eigen frijheid hawwe moasten. Ein jierren tachtich gie Blaauw ek mei plaatizer wurkjen.

Wurken fan Blaauw binne ûnder oare te finen yn Assen, Grins, Drachten, Wynskoat en Emmen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: