Springe nei ynhâld

Gizeling

Ut Wikipedy

"Gizeling" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:

  • gizeling (ûnderpân), it gebrûk, benammen yn 'e Midsiuwen, wêrby't in lienhear ien of mear famyljeleden (faak bern) fan syn lienman (yn almeast tige lúksueuze omstannichheden) finzen hold om trou ôf te twingen en opstannigens foar te kommen
  • gizeling (oerheidsmaatregel), in oerheidsmaatregel wêrby't immen finzen set en mei swiere straffen bedrige wurdt om aksjes tsjin 'e oerheid troch syn oanhingers tsjin te kearen
  • gizeling (twangmaatregel), in maatregel wêrby't immen finzen set wurdt om dyselde persoan te twingen in befel op te folgjen, in boete te beteljen of te tsjûgjen yn in rjochtsaak
  • gizeling (sivylrjocht), in maatregel wêrby't immen finzen set wurdt om dyselde persoan te twingen om oan syn ferplichtings te foldwaan (ornaris om syn skulden te beteljen)
  • gizeling (misdriuw), in misdriuw wêrby't ien of mear persoanen yllegaal finzen holden wurde troch in priveepersoan mei as doel om beskate easken oan oare partijen krêft by te setten


Dit is in betsjuttingsside, bedoeld om ûnderskied te meitsjen tusken ferskillende siden mei de namme Gizeling.

Op dizze side stean koarte beskriuwings fan de ferskate siden, mei keppelings dêrhinne. At jo hjir belâne binne fia in side op de Wikipedy, dan kinne jo dêr de ferwizing nei dizze side oanpasse, dat takomstige lêzers fuort op de goede side telâne komme.