Gilperik I

Ut Wikipedy
Gilperik I & Fredegunde

Gilperik I (Nederlânsk: Chilperik), (539 - septimber 584) wie in Frankyske kening. Hy wie in oarlochssuchtige kening dy't de skrik fan de Friezen en Sueben neamd waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gilperik wie kening fan Neustrje (of Soissons) fan ôf 561 oant syn dea. Hy wie de jongste soan fan Klotarius I en hie syn sintrum fan macht yn Soissons. Fan dêrút hearske hy oer Pikardje, Flaanderen en Henegouwen. Syn macht naam stadich oan ta doe hy it gebiet fan syn broer Garibert I erfde. Hiel syn gebiet neamde jin Neustrje.

Gilperik en de Friezen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gilperik wie in earsuchtige kening dy't him oanhâldend mei oarlochfieren dwaande hâlde. Hy foel de gebieten fan syn bruorren oan en oermastere inkele stêden yn it suden (Toulouse, Bordeauks). Ek hied er súkses tsjin de Friezen, dy't hy op eigen grûngebiet fersloech tidens in fjildtocht oan de noardgrins fan syn ryk.[1] De Friezen waarden oan him skatplichtich makke.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuotnoat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 50.