Gielblûne spjocht
gielblûne spjocht | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Celeus flavus | ||||||||||||
Müller, 1776 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gielblûne spjocht (Celeus flavus) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae) yn it skift spjochteftigen. De fûgel is yn syn ferspriedingsgebiet yn it Amazônegebiet in stânfûgel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielblûne spjocht is in soarte mei in opfallend skiergiel oant krêmekleurich fearrekleed, in giele snaffel, in koarte kop, brune wjukken en in swarte sturt. It mantsje hat in reade snorstreek. De iris is read oant readbrún.
It lûd fan 'e spjocht bestiet út rige lûde, sakjende rige fluittoanen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten fan 'e spjocht bestiet fral út mychammels en termiten, mar ek út fruit en sied. Hy siket it iten meastentiids mei ien of mear soartegenoaten fral yn 'e ûnderste oan middelste lagen fan it bosk, mar somtiden ek op 'e grûn of yn 'e krún fan 'e beammen.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielblûne spjocht is yn fjouwer ûndersoarten ferdield:
- Celeus flavus flavus – fan eastlik Kolombia oant Fenezuela, de trije Guyana's, westlik Brazylje en it noarden fan Bolivia.
- Celeus flavus peruvianus – tropyske easten fan Perû.
- Celeus flavus subflavus – easten fan Brazylje (Alagoas, Bahia en Espírito Santo).
- Celeus flavus tectricialis – noardeasten fan Brazylje (Maranhão).
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gielblûne spjochten libje yn lege gebieten, gebieten dy't periodyk oerstreamd wurde en sompich wiet bosklânskip, mar wurde somtiden mar minder ek yn oare bosktypes lykas galerijbosk, mangrovebosk en mear iepen bosk of plantaazjes sjoen .
Status / bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat it oantal ôfnimt, lykwols net sa dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. Alhoewol't de grutte fan 'e popelaasje net bekend is, hat de IUCN de fûgel as net bedrige op 'e Reade list yndield.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|