Gert van der Vijver

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Sântsjoender
Gert van der Vijver struit as De Sântsjoender.jpg
Liuw

Gert van der Vijver (Rynsburch, 7 jannewaris 1966) is in keunstner út Drachten. As sânkeunstner kommunisearret er mei mime, drama, ynteraksje, dûns, humor en benammen sân. It sân bestiet út filtere fûgeltsjesân. Hy struit, faget en skoot mei hân en sân op in mânske ljochtbak. Yn in magysk skouspul ‘skildert’ de keunstner mei syn fingers yn in laachje sân op dizze ljochtbak. Der ferskine libbensechte bisten en foarmen. Sa feroaret in liuw yn in oaljefant, in do wurdt samar in ûle. Hjirby spilet syn kristlike eftergrûn mei by it skeppen fan bylden fan bisten en natoer. By it konsert Psalmen bylde Van der Vijver yn 2010 as sântsjoender inkele psalmen en it Peaske-evangeelje út foar de Betheltsjerke yn Drachten.

Nei in stúdzje hbû-teology yn Leuven tusken 1987-1989 die er tusken 1987-1989 in oplieding ta mimespiler op 'The Conservatory of Ministering Arts' yn Amearika en kaam syn kreativiteit op gong. Fan 1991-1994 wie er begelieder fan lichaamlike en geastlik beheinden by de stifting Philadelphia. Fan 1994 is Van der Vijver regisseur en kreatyf meiwurker fan de Betheltsjerke yn Drachten. Hy toerde troch Europa as sjonger, akteur, dûnser en mimespiler en wurke mei oan musicals, koncerten en festivals. Yn 2006 waard er dieltiid soarchkundige by talant. Yn 2006 gie Gert nei in artistike konferinsje, dêr seach er foar de earste kear in Amerikaan dy't mei sân op in ferljochte glêsplaat bylden tranformearre. Doe't Van der Vijver dêr ek mei begûn waard dat sjoen troch ferslachjouwerSchinkel fan de NOS. Yn 2009 wie er te sjen yn it programma fan Paul de Leeuw.
Yn 2011 hat er in eigen sân- en mimeprogramma, dêr’t er teaters, skoallen en tsjerken mei ôfgiet. Gert van der Vijver jout workshops yn drama, ekspresje en mime. By de foarstelling binne mystike meldijen te hearren fan Kees van Dam, saksofonist by Marco Borsato.

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Zandtovenaar is in 13-dielige telefyzjerige dy’t te sjen wie KRO Kindertijd en útbrocht waard as DVD. Yn in koproduksje mei De Efteling wienen syn tekeningen ek te sjen yn de telefyzjerige Sprookjes fan Klaas Vaak (Klaas Vaak).

Produksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Zandtovenaar in Afrika,teaterfoarstelling, 2010
  • De Zandtovenaar, 2010
  • Sprookjes van Klaas Vaak, 2009
  • Communikaarten
  • Bernekrystfeest, mei ûnder oare Ferlerne Soan Sjoch it Laam, 2006

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: