Gerrit Jan Vos
Appearance
Gerrit Jan Vos (Naarden, 26 septimber 1863 - Heiloo, 29 maart 1948) wie in Nederlânsk arsjitekt fan Bussum.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vos wie de ûntwerper fan in grut oantal objekten yn Bussum yn de perioade 1900 oant 1938 yn in eklektyske styl, dêr't in oantal fan op de gemeentlike monumintelist set binne. Dêr binne 'Filla Frisia' (ein 19e iuw) en 'Filla Amalia' (1902), dy't ek wol Huis met de Beelden neamd wurdt, by.
Fan 1902 oant 1928 wie Vos ek direkteur fan de 'Gemeentelijke Teekenschool' yn Bussum.