Germaanske namme

Ut Wikipedy

In Germaanske namme is in namme, ornaris in foarnamme, dy't in Germaanske oarsprong hat. De âldste Germaanske nammen dy't oerlevere binne, binne út de Romeinske tiid, en binne yndie troch de Romeinen oerlevere. Mear nammen binne oerlevere ú de Midsiuwen. Mei't der mear ûnderskiedene talen komme, wurde der allinnich noch Germaanske nammen oerlevere dy't dúdlik fan oarsprong Germaansk binne, al wurde dy oerlevere yn oare talen.

Ornaris binne Germaanske foarnammen opboud út twa parten, dy't beide harren eigen betsjutting hawwe. It is net krekt dúdlik at dy twa betsjuttings altiten ta ien betsjutting fan 'e namme kombinearre wurde kinne. De alderâldste en alderlêste Germaanske nammen binne net altiten dúdlik út twa parten opboud. Der is ferskil yn ynsjoch oer oft dy nammen ôfsliten of ferfoarme binne mar al by deselde tradysje hearre, as dat it simpelthen óare nammefoarmen binne.

Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.