Limes
Appearance
(Trochferwiisd fan Germaanske limes)
Mei de limes (Latyn foar 'grins') wurde de grinzen oantsjutten fan it Romeinske Ryk. De oantsjutting sels rekke earst yn 'e swang yn de 19e iuw. Yn Jeropa lei de grins by de Ryn, Donau en de Noardsee lâns. De muorre fan Hadrianus dy't rûchwei op 'e Skotsk-Ingelske grins leit, is ek in limes. De namme limes is troch Dútske archeologen optocht. De limes ferbûn ferdigeningstuorren, castra (legerkampen) en garnizoenstêden. De trochsneed ôfstân tusken de castra wie 6.5 kilometer, mar der is net ien castrum oerbleaun dat oan de súdgrins fan it eartydske Fryske Ryk lein hat. De limes binne yn 47 n.Kr. ûntstien nei it Germania offensyf; doe waard besletten dat de Ryn de grins wurde moast.