Gerben van Manen (skûtsje)
| |||||
Eigener | Stichting It Hearrenfeanster Skûtsje | ||||
Plak | It Hearrenfean (plak) | ||||
Werf | Van der Werff, De Piip | ||||
Boujier | 1930 | ||||
Kleur | brún | ||||
Lingte | 19,45 | ||||
Breedte | 3,74 | ||||
Holte | 1,14 | ||||
Djipgong | 0,43 | ||||
Skipper | Sytze Brouwer | ||||
Tonnaazje | 44 |
De Gerben van Manen is it skûtsje dat foar it Hearrenfean yn de wedstriden fan de SKS meisylt. It skûtsje is eigendom fan de Stifting Hearrenfeanster Skûtsje en hat 17 kampioenskippen behelle. Dat is it meast fan allegearre.
Stichting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Hearrenfean docht sûnt 1957 mei oan it skûtsjesilen. De Feansters hawwe mei twa skûtsjes syld dy’t beide de Gerben van Manen neamd waarden, ferneamd nei de oprjochter fan de SKS. De earste jierren, mei skipper Marten Engelsma, wienen net sa suksesfol. Dêrom waard der in oare skipper oansteld, Jan van Terwisga. Mar dy woe alinne mar komme as der ek in nij skûtsje kaam.
It bestjoer kocht doe it skûtsje “Annigje” dat jierrenlang as wenskip oan de Hearrewâl lein hie en dat yn 1915 boud is op de werf De Piip yn Drachten. It waard werom brocht yn syn âlde steat. Dat twadde skûtsje die it in stik better. en waard ek wol “de Ferrari ûnder de skûtsjes” neamd.
Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe ’t Jan van Terwisga troch in slimme sykte stopje moast, waard er yn 1962 opfolge troch syn neef en bemanningslid Siep van Terwisga Dy is yn syn seis jier as skipper trije kear kampioen wurden (yn 1963, 1964 en 1965), mar doe krige er swierrichheden mei it bestjoer wêrnei ’t er opstapte.
Hy waard ferfongen troch Tjitte Lammerts Brouwer, dy’t jierrenlang as fokkenist syld hie op ferskate skûtsjes. Yn 1968, syn earste jier as skipper, waard dy fuortendaliks kampioen en letter noch fiif kear. Syn “omkesizzer” Tjitte Sietses Brouwer hat fan 1985 oant 1998 skipper west op de Gerben van Manen en yn 2003 noch in jier. “Jonge Tjitte” waard fiif kear kampioen. Doe kamen der koartere perioades mei Henk Teakema (1999) en Allard Syperda (2000-2002) wêrnei’t Pieter Sietses Brouwer de nije skipper waard. Mei him waard it Hearrenfeen op ‘e nij kampioen yn 2006, 2008 en 2010. Hy stoppe yn 2013.
Troch in nije sylformule moast de Gerben van Manen in 2012 in tal kante meters syl ynleverje, wêrtroch de resultaten tsjinfoelen yn 2012 (njoggende) en 2013 (achtste). Yn 2014 waard de nije skipper Alco Reijenga alderlêste yn it klassemint. Freon en fijân stienen perpleks. Wie de Ferrari it paad bjuster? Ek yn 2015 en 2016 stelden de resultaten teloar. Yn 2017 is Sytze Brouwer, de soan fan Pieter, skipper wurden. Neffens de nijste sylformule mocht de Gerben van Manen ek wer wat mear syl fiere. Sytze Brouwer einige as twadde yn it klassemint.
Skippers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1957 - 1959 Marten Engelsma
- 1960 - 1961 Jan van Terwisga
- 1962 - 1967 Siep van Terwisga
- 1968 - 1984 Tjitte Lammertz. Brouwer, "omke Tjitte"
- 1985 - 1998 Tjitte Sietsesz. Brouwer
- 1999 - Henk Teakema
- 2000 - 2002 Allard Sijperda
- 2003 Tjitte Sietsesz. Brouwer
- 2004 - 2013 Pieter Sietsesz. Brouwer
- 2014 - 2016 Alco Reijenga
- 2017 - no Sytze Brouwer
SKS kampioen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oantal | Skipper | Kampioen yn |
---|---|---|
3 | Siep van Terwisga | 1963 - 1964 - 1965 |
6 | Tjitte Lammertz. Brouwer | 1968 - 1974 - 1975 - 1976 - 1977 - 1981 |
5 | Tjitte Sietsesz. Brouwer | 1990 - 1992 - 1993 - 1994 - 1997 |
3 | Pieter Sietsesz. Brouwer | 2006 - 2008 - 2010 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |