Springe nei ynhâld

George Seeley

Ut Wikipedy
George Seeley
keunstner
George Seeley, troch Alvin Langdon Coburn, om 1903 hinne
George Seeley, troch Alvin Langdon Coburn, om 1903 hinne
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1880
stoarn 1955
wurkpaad
wurksum as Fotograaf
streaming Pikturalisme

George Henry Seeley (Stockbridge, Massachusetts, 1880 – dêre, 1955) wie in Amerikaansk fotograaf. Hy wurdt rekkene ta de streaming fan it pikturalisme.

Seeley studearre tekenjen en skilderjen yn Boston, doe 't er kunde krige oan Fred Holland Day. Dy yntrodusearre him yn de pikturalistyske fotografy. Yn 1904 hie er syn earste eksposysje, mei fjirtjin foto’s, yn de 'First American Photographic Salon' yn New York. Hy luts de oandacht fan Alvin Langdon Coburn, dy't him yntrodusearre by Alfred Stieglitz. Yn 1906 waard er lid fan Stieglitz syn fotografyferiening Photo-Secession en hy publisearre yn 1907 en 1910 yn totaal 17 foto’s yn syn baanbrekkende fototydskrift Camera Work. Ek skreau er meardere artikels yn Camera Work oer fotografy as selsstannige keunstfoarm. Mear as ien kear eksposearre er yn Stieglitz syn Gallery 291.

It wurk fan Seeley waard troch kritisy priizge om syn lyryske kwaliteiten en de skildereftige oanpak, hieltyd yn soft focus, yn subtile, faak donkere toanen, op platinum papier. Faak brûkte er syn susters as model. Faak fotografearre er ek lânskippen yn de ferskate seizoenen, benammen by't winter, mei in soad omtinken foar abstraksjes.

Yn 1912 bruts Seeley mei Stieglitz en gie er by de Photo-Secession wei. Hy bleau syn libben lang noch fotografearjen, mar mei it ôfnimmen fan de ynteresse foar it pikturalisme nei de Earste Wrâldoarloch naam syn produktiviteiteit stadichoan ôf. Fan de jierren tritich ôf pakte er it keunstskilderjen wer op, benammen fan stillibbens. Hy wenne syn libben lang yn Stockbridge, Massachusetts, dêr't er ek dosint keunst wie en meiwurker by de lokale krante. Yn syn frije tiid wie er in fûleindige ornitolooch.

Hy ferstoar yn 1955.

Seeley syn werk is hjoed-de-dei ûnder mear te sjen yn het Metropolitan Museum of Art, it Boston Museum of Fine Arts, it Philadelphia Museum of Art, it Museum of Modern Art yn New York, de Albright-Knox Art Gallery yn Buffalo, it New Orleans Museum of Art en it Seattle Art Museum.

Foto's út Camera Work

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]